De Haan wol Van Basten opfolgje

Foppe de Haan wol wol bûnscoach fan it Nederlânsk alvetal wurde. Hy seit dat yn in fraachpetear mei bern op de ynternetsite fan de KNVB. De 63-jierrige De Haan is op it stuit trainer fan Jong Oranje.
De hjoeddeiske trainer Marco van Basten hat noch in kontrakt mei de KNVB oant 2008. Soe hy dêrnei ophâlde dan wol Foppe de Haan him graach opfolgje, sa lit hy witte.