Soad fernielings troch fjoerwurk

© Omrop Fryslân
Der binne freed hiel wat brievebussen, ruten en strjitmeubilêr stikken gong troch fjoerwurk. Yn Ljouwert blaasden jongeren oan de Natalstrjitte fjouwer brievebussen op. Ien fan de bussen fleach dêrnei troch in rút fan in wenning. De plysje sil de dieders meikoarten ferheare. Yn Heech is in jonge (14) oppakt. Hy hie mei swier fjoerwurk in brievebus fernield. Ek waard in grutte partij yllegaal fjoerwurk yn beslach naam.