Snitsers oppakt foar fernielerij

30 des 2006 - 15:08

De plysje hat freedtejûn twa Snitsers fan 15 en 17 jier oppakt foar fernielerij. In plysjeman dy't tafallich foarby rûn, seach de jonges by de skatebaan oan De Jellen.

De twa wiene dwaande in fytserek út de grûn te skuorren. Doe't de plysjeman beide jonges oanhold, besocht ien fan har út te naaien. Dat slagge him lykwols net. De Snitsers binne oerbrocht nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)