(Swiere) stoarm ferwachte

30 des 2006 - 12:48

Neffens it waarberjocht fan Pyt Paulusma sil de wyn sneontejûn mooglik tanimme oant stoarm of swiere stoarm yn it Waadgebiet en boppe de Iselmar. De wyn komt út it súdwesten oant westen. Boppe lân waait it ek hurd oant stoarmich mei kâns op swiere wynpûsters. Dêrby sil it reine en is der kâns op tonger en hagel.

Ek snein, âldjiersdei, sil it stevich waaie. De súdwestewyn kin dan tanimme oant frij krêftich oant hurd oan see.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)