Minder ferkearsslachtoffers

Der binne dit jier 35 minsken om it libben kaam by ûngelokken yn it Fryske ferkear. Dat oantal hat noch nea sa leech west. Sûnt 1999 rint it oantal slachtoffers stadichoan werom.
Fan 74 doe noch, nei 35 yn 2006. It ROF, Regionaal Orgaan foar de Ferkearsfeilichheid yn Fryslân, is wiis mei de ôfname. Dochs is elk slachtoffer der noch wol ien te folle, sa seit it ROF.