Aldjiersnacht drok foar Schaaf

Aldjiersnacht is de drokste nacht fan it jier foar befeiligingsbedriuw Schaaf. Der binne dan santich minsken oan it wurk. Dat binne eigen minsken, mar der wurdt ek ekstra personiel fan bûten ynhierd.
De befeiligers sille leechsteande gebouwen bewake, yn útgeanssintra en op de dyk feestgongers yn de gaten hâlde. Se sille ek as bewaker wurkje by ferskate grutte feesten yn de provinsje.