Caparis en Empatec yn protest

22 mrt 2012 - 09:21

Ut Fryslân binne tongersdei 21 bussen mei aksjefierders nei Den Haag om te protestearjen tsjin de besunigings op de wurkfoarsjenning. It giet om meiwurkers fan Caparis en Empatec. Op it Malieveld protestearje fan 12 oere ôf tûzenen minsken. Neffens it fakbûn Abvakabo/ FNV driigje troch de besunigings 70.000 oant 100.000 beskerme wurkplakken te ferdwinen.

De Fryske bussen starte fanút Ljouwert, Drachten, Dokkum, Snits en It Hearrenfean.

Ien groep Caparis-meiwurkers giet net mei: dy bliuwe op It Hearrenfean om it Abe Lenstra-stadion nei de bekerwedstryd fan woansdei skjin te meitsjen.

Trefwurden: 
Caparis aksje Empatec
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)