Jonges ferwûne troch fjoerwurk

30 des 2006 - 11:52
Foto: Omrop Fryslân

Twa jonges binne freed ferwûne rekke doe't der fjoerwurk nei har smiten waard. Yn Ljouwert waard op it Zuidvliet fanút in groep jongeren fjoerwurk smiten nei jonge (13 jier).

It slachtoffer hie brânwûnen yn 'e nekke en waard oerbrocht nei it sikehûs. Op 'e Jouwer rekke in 14-jierrige jonge ferwûne. In jonkje fan 7 jier skeat in 'Romeinske kears' nei him. It slachtoffer krige in fjoerbal op 'e holle.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)