Frou (25) mishannele yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
In 25-jierrige frou út Ljouwert is freed yn har wenplak mishannele. De frou fietste oer it Cambuursterpad en seach in man stean. Doe't se him ynhelle, joech de man har in klap yn it gesicht mei in ûnbekend foarwurp. Dêrnei naaide de man hurd út.
De frou hie ferskate ferwûnings en moast nei de dokter. De plysje siket tsjûgen fan de mishanneling.