Friezen goed op NK hurdfytsen

© Omrop Fryslân
Hurdfytser Eelke van der Wal fan Holwert is freed twadde wurden op it ûnderdiel yndividuele efterfolging by it NK hurdfytsen op de baan. Earste yn Alkmaar waard Niki Terpstra mei 4 minuten en 33 sekonden. Van der Wal siet der njoggen tellen achter.
It tredde en fjirde plak wie ek foar Friezen. Jenning Huizenga fan Frjentsjer waard tredde en Sipke Zijlstra fan Burgum waard fjirde.