Schuttevaer sjocht kritysk

© Omrop Fryslân
Skippersferiening Schuttevaer sjocht tenei kritysker nei plannen fan gemeenten en provinsjes. Dy oerheden betinke faak plannen dy't ferkeard útpakke kinne foar frachtskippen.
In foarbyld dêrfan is Ljouwert. Troch de bou fan in hûs by it Van_Harinxmakanaal kin it kanaal net mear ferbrede wurde. Dat is lestich om't de binnenfeartskippen hieltyd grutter wurde.