Soad besikers foar Frysk Museum
It Frysk Museum hat dit jier 68.000 besikers lutsen. Dat is in rekord yn it 125-jierrich bestean. Fanwegen dat jubileum en de nijbou fan it museum wie it Ljouwerter Museum faak yn it nijs.
Sûnt 2002 is it museum woansdeis fergees tagonklik. Yn 2006 hat in rekord tal minsken dêr gebrûk fan makke. Ek yn 2007 hâldt it museum de fergese iepenstelling op woansdeis oan.