Friezen wikselje measte gûnen yn

Yn Fryslân wurde de measte gûnen ynwiksele fan hiel Nederlân. Yn de top fiif fan de postkantoaren dêr't de measte gûnen ynlevere wurde, stean trije Fryske plakken. Ljouwert stiet earste, Drachten op it fjirde en Hearrenfean op it fiifde plak.
Minsken kinne oant 31 desimber harren gûnen foar euro's ynwikselje. By de postkantoaren ha se gjin idee werom't no krekt yn Fryslân noch safolle gûnen wiene.