Akkountant krijt 18 moanne sel

28 des 2006 - 14:04

In 54-jierrige akkountant fan Frjentsjer hat fan de rjochtbank yn Ljouwert 18 moanne selstraf krigen, wêrfan seis ûnder betingst. De man hat as direkteur fan in akkountantskantoar 700.000 tûzen euro achteroerdrukt fan klanten.

De man mei fan de rjochter as akkountant oan it wurk bliuwe. Wol moat er dupearre klanten it jild werombetelje. Justysje hie twa jier selstraf easke tsjin de man.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)