Misbrûkfertochte langer fêst

28 des 2006 - 14:02

De man dy't fertocht wurdt fan seksueel misbrûk fan in famke (13) út Eastrum moat fjirtjin dagen langer sitte. Dat hat de rjochter-kommissaris tongersdei besletten.

It famke waard in wike ferlyn misbrûkt op it fytspaad oan de Tichelwei by Eastrum. Noch dyselde deis is in man út Grins (34) oanhâlden. Syn advokaat makke dizze wike bekend dat de man sels seit dat er neat mei de saak te krijen hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)