Nije brêge Strobos letter klear

28 des 2006 - 11:28

De nije draaibrêge oer it kanaal by Strobos is letter klear as pland. Hy soe earst om de Krystdagen ôf wêze, mar dat wurdt net earder as jannewaris. It betsjinningssysteem is noch net hielendal optimaal.

De brêge by Strobos wurdt op ôfstân betsjinne by Skûlenboarch. Dat leit by Jistrum. Strobos moat it al in jier sûnder brêge dwaan. Doarpsbewenners stekke no mei in pontsje it Prinses Margriet-kanaal oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)