Auto riidt trijetsjiller oan

28 des 2006 - 10:26

De plysje siket tsjûgen fan in oanriding op 'e Geart_Knolwei op 'e Jouwer op Earste_Krystdei. By de biblioteek is om in oere of trije middeis in auto mei oanhingwein op in trijetsjiller botst. Dy lêste waard bestjoerd troch in 50-jierige ynwenner fan 'e Jouwer. De man bruts in earm by it ûngelok.

De bestjoerder fan de auto is dêrnei trochriden. De plysje wol no prate mei minsken dy't wat sjoen hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)