SC Hearrenfean wint fan NEC

© Omrop Fryslân
SC_Hearrenfean hat woansdeitejûn de útwedstriid tsjin NEC mei 2-0 wûn. Afonso_Alves iepene nei in kertier spyljen de skoare. Syn frije traap ferdwûn fia de NEC-muorre yn de goal. It wie al wer de 18e kompetysjetreffer foar de Braziliaan. Yn de 82e minút makke ynfaller Wil_Johnson de 2-0.
SC_Hearrenfean wie de hiele wedstriid better as NEC. De 2-0 oerwinninning wie in meagere ôfspegeling fan de ferhâlding op it fjild.