Fjoerwurk: lúkser en swierder

27 des 2006 - 19:47

De Fryske fjoerwurkkonsumint besteget dit jier de djoer fertsjinne euro's oan lúkser en swierder sierfjoerwurk.

Dy trend sjocht ferkeapmanager Hans_Terpstra fan Schuurmans fjoerwurkfabryk yn Ljouwert op grûn fan de foarferkeap fan fjoerwurk yn de provinsje. Dit jier mei der ek swierder fjoerwurk ferkocht wurde. Dat betsjut foaral dat it langer baarnt en dat der mear ferskate ljochteffekten te sjen binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)