Jorwert massaal oan it snoeien

27 des 2006 - 19:41

Yn Jorwert is woansdei begûn mei it snoeien fan de beamhage om de tsjerke hinne. Dat is in rigoereuze operaasje, want alle 46 beammen reitsje harren takken kwyt.

Der is 15 jier lang neat oan dien. Derom wie it snoeien hurd nedich, want der foelen deade takken del en der wie te min ljocht foar de omlizzende huzen. In tsiental frijwilligers binne tongersdei ek noch dwaande mei it snoeien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)