Komst bernedeiferbliuw ûnwis

21 mrt 2012 - 22:49

It bliuwt noch in lytse twa wiken ûndúdlik oft der in bernedeiferbliuw komt yn de wyk Himsterhout yn Drachten. Yn de riedskommisje wie woansdeitejûn noch gjin mearderheid foar of tsjin. De buertbewenners binne der poer op tsjin, omdat dit ekstra ferkear mei him meibringt. Dat soe gefaarlik wêze. Ek soe it parkearen in probleem wêze.

Hast alle riedsfraksjes hawwe dêr fragen oer steld oan de wethâlder. De bewenners hawwe by de riedskommisje ynsprutsen om har soargen nochris kenber te meitsjen.

Op de riedsgearkomste fan 3 april moat der in beslissing falle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)