Rustfrij stiel stellen yn Garyp

© Omrop Fryslân
Yn Garyp is in grutte partij rustfrij stiel stellen. Dy lei by in bedriuw oan de Eendrachtsweg. De stellerij barde op de moarn fan Twadde Krystdei. It giet om 1600 flenzen, in soart koppelstikken of ôfsluters foar buizen.
De partij stiel hat in wearde fan inkelde tûzenen euro's. In 62-jierrige man út Drachten hat oanjefte dien fan de dieverij út namme fan it bedriuw. De plysje ûndersiket de saak.