NEC-Hearrenfean sûnder Hansson

© Omrop Fryslân
Sportklub Hearrenfean kin woansdeitejûn yn de útwedstriid tsjin NEC yn Nijmegen noch gjin berop dwaan op ferdigener Petter_Hansson. De Sweed hat tefolle lêst fan 'e knibbel. Ek Ugur_Yildirim, Niklas_Tarvajärvi en Jeroen_Drost binne der troch blessueres net by.
Thomas_Prager spilet nei syn skorsing wer yn 'e basis en Calvin_Jong-A-Pin mei oan syn twadde wedstriid begjinne. Paul_Bosvelt begjint op de bank.