Mishannelings mei de Krystdagen

27 des 2006 - 09:58

Yn Ljouwert en Drachten binne woansdeitemoarn manlju oanhâlden op fertinking fan mishanneling. Yn Drachten waard in man (24) oppakt om't er op het Raadhúsplein in like-âlde plakgenoat slein hie.

Yn Ljouwert hat de plysje in 21-jierrige man oanhâlden. Hy hie yn in kafee op it Ruterskertier twa jonges fan 15 en 17 jier sûnder dúdlike oanlieding slein. Beide fertochten sitte fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)