Ynbrekker trappearre

26 des 2006 - 15:07

Yn de Bagijnestege yn Ljouwert is tiisdeitemoarn in ynbrekker op 'e die trapearre. In tsjûge hie in ljedder tsjin in winkel yn 'e stege stean sjoen. De Bagijnestege rint parrallel oan winkelstrjitte de Nijstêd.

Doe't de plysje te_plak wie, seach dy in 38-jierrige ynwenner fan Ljouwert út in rút fan in winkel oan 'e Nijstêd komme. De man waard oanhâlden. Hy hie inkelde sieraden stellen. Dy binne troch de plysje yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)