Soad animo foar kuiertochten

26 des 2006 - 13:32

Tûzenen Friezen ha tiisdei meidien oan de jierlikse krystkuiertochten yn de provinsje. Der koe ûnder mear rûn wurde op 'e Harkema, yn Bakkefean en yn Sint_Nyk.

Yn Bakkefean rûnen sawat 1300 minsken mei. Dêrmei is de tocht troch de bosken ien fan de populêrste kuiertochten. De earste minsken stiene tiisdei om kertier oer njoggenen al klear foar in tocht fan 5, 7, 10 of 15 kilometer.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)