Oare wike stille sirenetest

De sirenes sille takom moandei sûnder lûd test wurde. Gewoanwei wurde op de earste moandei fan de moanne de sirenes om 12 oere testen. Mar takom wike is de earste moandei fan de moanne op ien jannewaris, in feestdei.
De sirenes sille dan wol testen wurde, mar dit kear sûnder it normale leven dat der útkomt. Om't it in nasjonale feestdei is, wurdt der dan sûnder lûd testen.