Njoggen krystpoppen yn Fryslân

Yn Fryslân binne moandei seker njoggen krystpoppen berne. Sikehûs Nij_Smellinghe yn Drachten wie koprinner mei trije. Yn Snits en op It_Hearrenfean binne twa bern mei de bysûndere bertedatum fan 25 desimber. Yn sikehûs MCL yn Ljouwert en De_Sionsberg yn Dokkum is ien poppe op de wrâld kaam op Earste_Krystdei.
By it tal fan njoggen is inkeld rekken hâlden mei de bern dy't yn it sikehûs berne binne.