Fryske studinten sjogge foarút

© Omrop Fryslân
Op 28 en 29 desimber wurdt yn Frjentsjer foar de 74ste kear it jierlikse Krystkongres holden. De Fryske studinten bûge har dan oer it tema: De ûntwikkeling fan Fryslân oer 30 jier. Ynlieder is professor De Roo, planolooch oan de RUG.
Oare sprekkers binne ûnder oaren Nico Minnema (Fryske Gea), Galema (listlûker-CDA) en Marquenie (NAM). It debat is 28 desimber om 14.00 oere yn kafee De_Bogt_fen_Guné.