200 ynwenners minder yn Harns

25 des 2006 - 13:14

It jier 2006 is noch net foarby, mar in oantal gemeenten publisearret no al de sifers oer it oantal ynwenners. Yn Harns is it tal ynwenners mei 200 sakke, nei 15.500. Neffens de gemeente hat in grutte groep bewenners fan it eardere azc de gemeente ferlitten. De measte minsken giene nei buorgemeenten Frjentsjerteradiel en Wûnseradiel.

Yn Snits gie it oantal ynwenners mei 80 omheech. Dat bringt it totaal yn Snits op goed 33 tûzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)