Parkearkontroleurs ferhúzje

© Omrop Fryslân
Parkearkontroleurs út Dokkum binne fan 2 jannewaris ôf húsfeste op it gemeentehûs yn Dokkum. Dêrfoar sieten se op it plysjeburo. Yn it gemeentehûs sieten al de minsken dy't it parkear- belied bepale en dy't de parkear- belesting yn de gaten hâlde.
Troch ek de kontroleurs dêr ûnder te bringen, wurdt neffens de gemeente Dongeradiel de service better. Der binne spesjale sprekkeamers foar wa't mei de parkearwachters prate wol.