Autorider krijt lid op 'e noas

© Omrop Fryslân
In 27-jierrige Ljouwerter dy't yndruk meitsje woe op de plysje krige it_lid_op_de_noas. De man naam op de A-32 rjochting It Hearrenfean de ôfslach Akkrum. Flak foar him ried in plysje- auto dy't er op de ôfrit noch eefkes ynhelje woe. Dêrby rekke de Ljouwerter de macht oer it stjoer kwyt.
De auto slipte, ried oer in pealtsje, botste tsjin de lûdswâl en kaam tsjin in lantearnpeal ta stilstân. De man mankearre neat, de auto wie total loss.