NLP: begraafplak moat bliuwe

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert moat dúdlik meitsje wat it wol mei it âlde stêdsbegraafplak by it Rengerspark. Neffens de Nije Ljouwerter Partij is dat folslein net dúdlik. It gebiet by it Rengerspark giet de kommende tiid op 'e skeppe. Sa wurdt dêr ûnder oare de kenniskampus oanlein.
De Nije Ljouwerter Partij wol dat it begraafplak behâlden bliuwt. Wol moat de âlde Lyksleat oanpakt wurde, om't dêr al jierren stankoerlêst fan is.