Aris ferliest duel om subtop

23 des 2006 - 22:33

Basketbalklub Aris hat mei 80-88 ferlern fan Landstede út Zwolle. It earste kwart wiene beide ploegen noch oan elkoar weage, mar yn it twadde en tredde kwart wie Lanstede folle better. It grutste ferskil wie sels santjin punten.

Troch ûnder oare trije trije-punters fan Amaya waard it ferskil werom brocht ta twa punten. Yn de ein wie Landstede krekt wat skerper. Aris dielt no it fyfde plak mei Landstede.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)