Manlju oppakt foar drugsbesit

23 des 2006 - 14:17

De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon by Achlum trije ynwenners fan Harns en in Ljouwerter oppakt. It giet om fjouwer manlju fan 19, 20, 21 en 23 jier. Sy hiene drugs by har.

Yn de auto fûn de plysje in wapenstok, twa messen en twa pûdsjes mei kokaïne. De fjouwer manlju sitte noch fêst op it plysjeburo. Har auto is yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)