Jonge (18) ferwûne by oanriding

23 des 2006 - 14:11
Foto: Omrop Fryslân

In 18-jierrige jonge fan De Fochtel is freedtejûn ferwûne rekke by in ûngelok yn Easterwâlde. It slachtoffer fytste oer de Molenwei en waard dêr oanriden troch in 29-jierrige autobestjoerder.

De jonge rekke slim ferwûne en waard oerbrocht nei it universitêr medysk sintrum, UMCG, yn Grins. De autobestjoerder kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)