Betheltsjerke klear foar Kryst

23 des 2006 - 12:33

Mear as tsientûzen minsken sille kommend wykein de krystdagen fiere mei in tsjerketsjinst yn de Betheltsjerke yn Drachten. Hûnderten frijwilligers fan de Frije Baptistegemeente binne al moannen dwaande om it grutte evenemint foar mekoar te krijen.

De tsjinsten lûke minsken út hiel Noard-Nederlân en sneontejûn makket de NOS opnames. Sneon wiene de generale repetysjes, yn de grutte seal dêr't twatûzen minsken sitte kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)