Alden Eastrum krije brief

23 des 2006 - 12:30

Alle âlden fan de learlingen út de klasse fan it famke út Eastrum ha in brief krigen. Hjiryn stiet dat se kontakt opnimme kinne mei ien fan it Dockingakollezje yn Dokkum, mochten har bern it dreech ha.

Tongersdeitemoarn waard it famke (13) earnstich seksueel misbrûkt doe't se nei skoalle fytste. Freed hat de plysje in fertochte oanholden. Omdat it no fakânsje is, binne alle âlden freed ek noch troch de skoalle belle.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)