Gasbuis ûnder Kromme Ie troch
By De Feanhoop wurdt freed in 1060 meter lange gasbuis ûnder de Kromme_Ie trochboarre. De Gasunie leit sûnt de simmer in nije gaslieding oan fan it Grinzer Gryptsjerk nei Warkum, dwerstroch Fryslân.
De boarring by De_Feanhoop is de grutste yn 'e skiednis fan it bedriuw. De Gasunie hat noch noait earder in 1.20 grouwe buis de grûn yn boarre.