Ljouwert: mear ynwenners

© Omrop Fryslân
Ljouwert hat der dit jier 530 ynwenners bykrigen. Dat hat de gemeente freed bekendmakke. De ôfrûne trije jier wie der in folle lytsere groei, mei ferline jier as djiptepunt. Doe groeide it ynwennertal fan Ljouwert mei mar 68 minsken.
De gemeente tinkt dat de groei fan dit jier benammen komt troch de bou fan wenten. It tal fan 530 is noch wol in foarlopich sifer. It definitive tal komt begjint 2007.