Ferbettering yn Weststellingwerf

© Omrop Fryslân
Weststellingwerf sil de automatisearring yn de eigen gemeente fierder ferbetterje. Dat kostet op syn minst goed ien miljoen euro. Ek it behear fan de gemeentlike eigendommen en it jild sil oanpakt wurde.
De gemeente tinkt dêrmei better foldwaan te kinnen oan de tanimmende wetlike easken en regeljouwing. Boppedat ferwachtet Weststellingwerf de boargers en bedriuwen better fan tsjinst wêze te kinnen.