Baarnende motorfyts op Wâldwei

22 des 2006 - 15:19

Ferkear op de Wâldwei hat tongersdei lêst hân fan in baarnende motor fan in man út Suwâld (28). De baarnende motorfyts lei yn de middenbjirm by De Knobben. De brânwacht fan Drachten hat it fjoer útmakke.

Troch it ûngelok ûntstie in lange file út 'e rjochting Ljouwert. De plysje hat it ferkear regele. Op de Wâldwei sels botsten in pear auto's op de achterkant fan 'e file. Der rekke gjinien ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)