Caravana no al folboekt

© Omrop Fryslân
Rekreaasjebeurs Caravana yn it WTC-Expo yn Ljouwert liket op foarhân al in súkses te wurden. De beurs is fol en der is op dit stuit sels in wachtlist. Oant no ta wie de beurs altyd yn de Prins Bernardhoeve yn Súdlaren. Dit jier is it foar it earst yn Ljouwert.
Guon Drintse en Grinslanner rekreaasjeûndernimmers hiene beswier tsjin de ferhuzing. Sy seine net nei Ljouwert komme te wollen.