Twibaksmerk tydlik ôfsluten

© Omrop Fryslân
De Twibaksmerk yn Ljouwert is in pear dagen ticht fanwege de ferhuzing fan de provinsje. Njoggenhûndert amtners moatte oer nei de Snitsertrekwei.
De ôfsluting is freed, oare wike woansdei, tongersdei en freed, tusken moarns acht en jûns acht oere. Dat is nedich omdat de laderij oars foar te folle oerlêst soargje soe. It Provinsjehûs oan de Twibaksmerk wurdt de kommende tiid yngripend ferboud.