Provinsje sit sportskoalle dwers

© Omrop Fryslân
De provinsje keart de ferhuzing fan sportskoalle Go For It op De Harkema. De skoalle sit no yn it sintrum fan it doarp, mar wol graach útwreidzje op bedriuweterrein Quakkenburg.
De gemeente Achtkarspelen hat tastimming jûn foar de gruttere sportskoalle op in oar plak. Mar de provinsje wol de ferhuzing en útwreiding net lije. De nijbou soe net oanslute by de oare bedriuwen op it terrein.