Brân op 'e Lemmer

22 des 2006 - 10:49
Foto: Omrop Fryslân

In wente oan it_Wiid op 'e Lemmer hat flink wat skea oprûn by in skoarstienbrân. De buorman makke de 51-jierrige bewenner derop attint dat der in frjemde brânlucht om syn hûs hong. Bliken die dat de skoarstien yn 'e brân stie en dat it fjoer him al ferspraat hie nei de souder.

De brânwacht koe net foarkomme dat de wente in soad skea oprûn. De bewenner kin foarearst net yn syn hûs.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)