Famke earnstich misbrûkt

21 des 2006 - 21:37

In 13-jierrich famke út de gemeente Dongeradiel is tongersdeitemoarn om acht oere hinne slim misbrûkt. Dat wie op it fytspaad by de Tichelwei lâns tusken Eastrum en Dokkum.

It famke waard oansprutsen troch in man. Dêrnei fûn it sededelikt plak. Nei it misdriuw is de noch ûnbekende man fuortriden yn in auto. De plysje hat in saneamd Team Grutskalich Undersyk op de saak set mei yn totaal 20 resjersjeurs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)