Fiskstreupers pakt op Snitsermar

© Omrop Fryslân
It fiskstreuperijteam fan Fryslân hat tongersdei twa streupers op 'e die betrape op 'e Snitsermar. Se besochten noch fuort te farren, mar dat slagge net.
By it saneamde Starteilân waard noch in tredde fertochte pakt. Yn it wetter is yn totaal sa'n 600 meter oan netten oantroffen. Fierders binne twa kisten mei snoekbears, in kist mei brazem en twa snoeken yn beslach naam. Ek de boat is ynfoardere.