Ynformaasjejûn oer brannen snein

In ynformaasjebyienkomst yn Balk moat de ûngerêstheid fan buertbewenners nei de brannen yn Gaasterlân fuortnimme. Twa pleatsen ticht byelkoar stiene it ôfrûne wykein yn 'e brân. Ien gie dêrby hielendal ferlern. De buert tinkt oan brânstichting, omdat der it lêste healjier al folle faker wat bard is. De skrik sit der goed yn.
De byienkomst yn de Treemter yn Balk begjint tongersdeitejûn om healwei achten.