Gjin Kryststâl yn Broeretsjerke

21 des 2006 - 17:38

Yn 'e Broeretsjerke yn Boalsert is dit jier gjin Kryststâl. De libbene kryststâl mei bisten is al 20 jier in tradysje. Ferline jier koe de stâl net ynrjochte wurde om't de ruïnetsjerke doe in oerkaping krige. No is der wat misgien yn de tarieding.

It is net krekt dúdlik wêrom't de kryststâl dit jier net yn de Broeretsjerke te finen is. De bylden hawwe no fierderop in plakje krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)